Slach by de Boppe-Baetis

Slach by de Boppe-Baetis
Part fan de Twadde Punyske Oarloch

Plakken fan de slaggen yn de Twadde Punyske Oarloch
datum: 211 f.Kr.
plak: Bopperin fan de rivier de Baetis, hjoed-de-dei de Guadalquivir
útkomst: Oerwinning fan Kartago
konfliktpartijen
Kartago Romeinske Republyk
befelhawwers
Hasdrubal Barka
Mago Barka
Hasdrubal Gisko
Publius Kornelius Skipio I
Gnaius Kornelius Skipio Kalvus
sterkte
• 12.000≤ ynfantery
• 1.500 kavalery
• 3.000 Numidyske kavalery
Ibearjers
• 30.000 Romeinen en bûnsmaten
• 20.000 Keltibearyske hierlingen
ferliezen
net bekend 21.000 -22.000 sneuvele en finzenommen
Romeinske kampanjes yn Hispania yn 218-211 f.Kr.

De Slach by de Boppe-Baetis wie in dûbele slach, besteande út de Slaggen fan Castulo en Ilorca, dy't útfochten waarden yn 211 f.Kr. yn de Twadde Punyske Oarloch tusken kartaachske mankrêften, laat troch Hasdrubal Barka, de broer fan Hannibal, en romeinske mankrêften, laat troch Publius Kornelius Skipio I en syn broer Gnaius Kornelius Skipio Kalvus. It einbeslút wie in kartaachske oerwinning dêr't de beide bruorren Skipio by om it libben kamen. Foar harren belies, hawwe de twa bruorren sân jier (218-211 f.Kr.) yn Hispania trochbrocht om de Kartagers werom te kringen en de tafier foar de mankrêften fan Hannibal dwers te bongeljen doe't dy de Romeinen yn Itaalje oan it befjochtsjen wie.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search